Hea! fan 26 novimber 2014 18:20

Piet van der Tuin fan Ketlik reizget foar de kanarjes de hiele wrâld oer. Hy is nammentlik ynternasjonaal karmaster by fûgels. As jonkje fan 5 jier kaam hy al yn de kunde mei kanarjes en dat is net mear fuortgongen.

Lien de Way-Braaksma fan Boalsert is 72 jier en kin net stilsitte. Har hannen moatte wapperje seit se sels. Har hiele libben spilet se al hoarn. Wylst oaren al lang op bed lizze begjint Lien noch te repetearen. Mar har grutte hobby is kwilten. Dat docht se no al 30 jier.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)