Hea! fan 26 novimber 2012

  • De winkel fan Doede Bleeker

Yn Surhústerfean wienen ôfrûne wykein wer hiel wat antike motorfytsen en brommers te sjen. It ridend materiaal seach der op syn bêst út. De manlju hienen it freed noch drok mei it te plak setten fan it guod.

Frou Lagerburg fan Koudum makket graach guod yn miniatuer.Thús hat se in pear prachtige poppehuzen stean. Mar yn 'e fiskwinkel fan Doede Bleeker yn Starum stiet ek wat moais fan har hân. Frou Lagerburg hat de winkel presys neimakke yn it lyts, oant de graten fan de fisk ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)