Hea! fan 26 maaie 2016 18:20

Alles is der alwer klear foar...De grutte tinte stiet der al en de muzyk is boekt. It is hast wer Hy-Night yn Hilaard en dat wurdt wer ien grut muzikaal feest. Mar net elkenien kin en mei dêr hinne. It is allinnich foar de âlderein en de bern moatte noch efkes wachtsje oant se wat âlder binne. Reden genôch foar Sander Metz om de muzyk by de bern te bringen. Sjonge en dûnsje by elke groep op de basisskoalle de Reinbôge yn Hilaard.

Fytswille mei bewenners fan Lindestede yn Wolvegea. Om't de âlderein sels net mear goed fytse kin, gean se elke wike mei in wat jongere ko-piloat op de duo-fyts. Prachtich om te sjen hoe't se troch de strjitten fan Wolvegea crosse...en nei ôfrin is it tiid foar kofje mei wat lekkers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)