Hea! fan 26 maaie 2015 18:20

Hylke Valk fan Jirnsum slipet echt alles wat jo mar betinke kinne en elkenien wit him te finen. Nei fjirtich jier hâldt Valk op 1 juny op mei syn eigen saak. Hy sil it misse... dat wit er no al.

Sjouke Boschma fan De Lemmer is in entûsjaste kreativeling. Tsien jier ferlyn hat er in masine boud dy't bakjes en kisten makket. Yntusken wurde mei de masine keunststoffen en houten koffers yn alle soarten en maten makke, dy't de hiele wrâld oer gean. Boschma hat yn syn bedriuw allinnich minsken mei in beheining oan it wurk. Bettere meiwurkers kinne jo net krije, seit er.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)