Hea! fan 26 maaie 2014 17:40

Tony 'Indian' Leenes fan De Lemmer hat twa passys; De Indian motors en de yndiaanske kultuer. Tony kocht al foar syn 18e jier in âlde Indian Chopper, ferboude him en de passy wie in feit. Tony hat in museum oan hûs en dêrneist in atelier dêr't hy Indians restaurearret, mar ek ferkeapet er ûnderdielen en stiet op beurzen. Mar it âlderleafst stapt hy fansels op ien fan syn Indians en rydt hy de wrâld út.

En yn 'Goeie' treffe wy yn Frjentsjer Dick van der Duim dy't op it punt stiet om nei de kemping te gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)