Hea! fan 26 juny 2012

Auke de Boer fan Bûtenpost hat syn bijekasten krekt ferhuze. Yn Ingwierrum, dêr't se earst stienen, is it koalsied útbloeid. No hat er syn kasten yn Eanjum stean. Njonken in fjild fól blommen. Dat moat dus wol wat opsmite.

Yn Goeie! bedarret it Hea! team by de folkstunen yn Menaam. Der is in man drok dwaande. Hy hat gjin wurk mear en omdat hy dus de measte tiid hat, hat hy ek it grutste stik tún.

Ut it Hea! Simmerargyf
Yn Aldemardum binne de strjitten hieltyd wiet! In groep freonen reest dêr oer de dyk mei harren selsmakke skelters mei jarretanks. Dy tanks sitte net fol mei jarre, mar mei wetter. Se binne al sûnt se lyts wienen mei de skelters op 'en paad en hawwe der in soad wille mei fansels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)