Hea! fan 26 jannewaris 2016 18:20

Bob de Boer waard as Bareld de Boer berne yn Fryske Peallen. Doe't hy 17 jier wie emigrearre Bob mei syn âlden nei Amearika. Bob buorke oh sa goed oan de oare kant fan de oseaan en begûn Fryske hynders te ymportearen. Yntusken is Bob 81 jier en hannelet hy noch altyd yn Fryske hynders. Sa kocht hy koartlyn op de hynstekeuring yn Ljouwert tolve Fryske hynders dy't mei werom gean nei Michigan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)