Hea! fan 26 jannewaris 2013

De pjutten fan berne-opfang de Mienskar yn Akkrum hoege moarns thús gjin bôle te iten want se krije it moarnsbrochje op de kresj. Britte Cozijnsen lêst de bern foar út it berneboek 100 dagen feest. Britte wie ferline jier foarlêskampioen fan iepenbiere basisskoalle Akkrum. Ferline wike wie it yn it hiele lân nasjonale foarlêswike en in soad Fryske skoallen en kresjsen diene der oan mei.

Natoeriis, nostalgy en moaie muzyk. De dielnimmers swierden en swaaiden fan it iepen Frysk Kampioensskip pronkriden ôfrûne tongersdei op it Nannewiid. Ofwikselend ride op de binnen- en bûtenkant fan de reed, soms mei in stôk of hân yn hân, soms allinnich mar ek yn pearkes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)