Hea! fan 26 jannewaris 2012

Miss Nailpolish
Har klasgenoaten neame har Miss Nailpolish, want net ien hat sokke moaie lakte neilen as Rianne Jeensma fan De Gordyk. Op har keamer stiet in rek fol mei neillakfleskes yn de meast útelkoar rinnende kleuren. Se hie al neillak op doe't se twa jier wie. No betinkt se har eigen kreaasjes foar op 'e neilen en hat se har eigen webside.
 
Oarlochshelmen en -petten
Siebren de Witte fan Ljouwert sammelet oarlochsguod. Hy hat as jonkje by de Ofslútdyk wenne en naam doe al de munysje en helmen dy't er by de bunkers fûn mei nei hûs ta. Hy is twa kear syn spul kwytrekke, mar hy hat gelokkich wer in grutte partij helmen en petten. Op ynternet kinne jo sjen dat er himsels brûkt as paspop.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)