Hea! fan 26 april 2016 18:20

It is wer safier....it boatsjeseizoen start wer op! De tariedings binne yn folle gong. Aad van der Meij en ek Joke en Klaas van Dijk binne alwer drok dwaande om harren boatsjes wer spik en span klear te krijen.

It is hjoed de lêste dei foar Gosse Terpstra as molkrider. It wie him nea tefolle; 40 jier lang, tolve oeren deis mar ek nachts. Gosse Terpstra hellet hjoed noch ien kear de molke op by syn boeren. Mar hielendal stilsitte kin hy ek wer net. Dus as it drokke tiden binne, dan kin de baas him wol belje....mar net nachts!

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)