Hea! fan 25 septimber 2014 18:20

Cees en Wietske Castelein fan Koartehimmen hawwe neist harren pleatske in lyts strookje grint. Dêr hat Cees wat sinneblommesied delsmiten. Se tochten dat it neat wurde soe, mar it is dêr op 't heden ien grutte sinneblompracht. En de hinnen hawwe der ek noch wat oan.

Jarno en Keon fan Wergea fine gamen leuk. Se hawwe in gamekanaal iepene en meitsje tegearre filmkes oer spultsjes, nimme dat op, moanteare it ek sels en sette it op YouTube. Se hoopje dat minsken der wat fan leare, wolle hiel graach in soad abonnees krije en der in soad jild mei fertsjinje.

klik hjir foar it YouTube kanaal craftclub nl

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)