Hea! fan 25 oktober 2013 17:40

  • Willem Terpstra en Bert van der Zaal

Willem Terpstra fan Boalsert hat treinen. Boppe it kantoar-oan-hûs is in spesjale romte makke foar syn treinesamling. En wat foar samling. Terpstra hat sa'n grutte romte fol mei treinen dat it dik oardel oere duorret foar't in trein wer op itselde punt foarby komt! Rom tsien jier hat hy hjir hast alle dagen oan wurke, tegearre mei syn treinemaat Bert van der Zaal. Mar no't Terpstra ferhúzje wol komt der in ein oan de prachtige opstelling dy't de manlju makke hawwe.

En wy sizze Goeie! yn in grientetún yn Feanwâlden. Dêr is in man drok oan it wurk. Gelokkich kin hy him no noch goed bûten fermeitsje. Want as it aanst te kâld wurdt, dan wurdt it wer tiid foar it hok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)