Hea! fan 25 oktober 2012

  • sloep troch de Luts

It is hjerstfakânsje en dus binne der rûnom aktiviteiten foar de bern. Yn Riis stapten bern yn de sloep fan skipper Wiepke Wierda en syn frou om nei Kippenburg te farren. It tochtje gie troch de Luts en dat smiet prachtige hjerstbylden op. Underweis dienen de bern ek noch wat foar it miljeu.

It is al dik 20 jier lyn dat frou Iedema út Drachten de earste poppekleantsjes makke foar in baby-born poppe. Dizze poppe wie doe krekt nij en har beppesizzer hie der ek ien krigen. Dat wie it begjin fan in einleaze stream selsmakke poppeklean. En ek al is frou Iedema al 80, se sit noch regelmjittich achter de naaimasine.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)