Hea! fan 25 novimber 2015 18:20

Sandra Berenschot fan Drachten docht oan Canicross. Om sûner te wurden is sy mei har man oan it draven mei harren hûnen en dat wol op in hiel spesjale manier. Dit is net allinnich hiel bysûnder om te sjen en te dwaan, mar Sandra fynt it ek noch tige gesellich.

Pieter Visser fan De Trieme is fanatyk samler en restaurateur fan de Suzuki LJ 80. It is in hobby dy’t echt út de hân rûn is. Pieter hat no it grutste ûnderdielemagazyn fan Europa fan dizze auto. Hy hannelet fan Kanada oant Pakistan en fan Sily oant Katar.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)