Hea! fan 25 maart 2015 18:20

Harke is al tritich jier graffitykeunstner. No is hy wol mei in hiel spesjaal projekt dwaande. Midden yn it lân by Marsum makket hy mei syn maten op in betonnen dongsilo “de kening fan de greiden”. En dat hat ek noch in spesjale betsjutting.

Hille Ettema út Boalsert is al yn ’e tachtich en hâldt him fit troch it meitsjen fan einekuorren. Hy makket se fan heapakjetou, dat hy earst sels dikker makket.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)