Hea! fan 25 maart 2013

  • Mûtskes yn it MCL

Op de kreamôfdieling fan it sikenhûs MCL yn Ljouwert hat de ferpleging it altyd drok fansels, mar as der ek mar efkes tiid is dan sitte de froulju te breidzjen en te haken. Se breidzje mûtskes foar poppen. En net allinnich sy breidzje, mar se krije ek stipe fan breidsters oeral wei en fan jong oant âld. Hûnderten mûtskes binne der al makke, yn alle soarten en kleuren fansels. De bedoeling is dat se ferkocht wurde, om jild yn te sammeljen foar in goed doel.

Krekt oer de grins yn Grinslân wennet in oprjochte Fries, Haitse Postma. Postma hat in bysûnder soart ponnys, Fell ponnys. Hjir binne der mar 800 fan yn ús lân. Doe't hy tsien jier lyn ophâlden is mei buorkjen is hy mei it fokken fan dizze ponnys begûn. En mei sukses want syn hynst Steddale Eddie docht it hiel goed. Foar it earst yn it 18-jierrich bestean fan it stamboek fan de Fell ponny is der no in preferintskip útrikt. Oan Steddale Eddie, en dêr binne Haitse Postma en syn soan tige grutsk op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)