Hea! fan 25 febrewaris 2014 17:40

Sûnt koart is der in nije sportferiening op It Hearrenfean Súd, 'Voltige vereniging 't Prinsepaard'. Bern fan 5 jier ôf kinne akrobatyk leare en dwaan op de rêch fan in galoppearjend hynder. De bern sels neame it ek wol 'sirkuskeunstjes' op it hynder.

En yn Snits is it elke dei in drokte fan belang by it tekstylsortearsintrum, dat yn septimber 2013 iepene is. De ynsammele klaaiïng wurdt ferwurke troch de meiwurkers fan Empatec en se fine tusken de klean allegear bysûnder guod...

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)