Hea! fan 25 febrewaris 2012

De sulversmid oan it wurk
Eric Smit wennet yn 'e binnenstêd fan Ljouwert. Earder dizze wike seagen we him mei syn samling skipkes. Hjoed sit hy as sulversmid oan de wurkbank en makket er prachtige sieraden. Net te fyn, want dy iene hân wol net mear sa goed.
 
Goeie! hynder en karre
Esther en Jan van der Velde fan Drylts sille nei de lange froastperioade wer efkes mei it hynder en de karre te riden. It hynder moat neffens harren wer wenne op strjitte, want it hat in lang skoft op stâl stien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)