Hea! fan 25 augustus 2012

Yn Twizel hawwe de bern fan de famylje Pafferaad der in soad wille fan... harren ein Jip hat pykjes! Mar it binne foar Jip wol hiel bysûndere pykjes. Jip hie aaien lein dy't net útkamen en doe hawwe de Pafferaads der mar hinne-aaien ûnder lein. Dat fûn Jip wol bêst en no hat de einemem hinnepykjes. Yme, Wietske en Hans fine it geweldich en sitte mei moai waar graach mei Jip yn it swimbadsje. Mar de lytse pykjes kinne dan net mei.

En út it Hea! simmer-argyf:
Jacob Muurling fan Dronryp is klokkedokter, alwer de tredde generaasje yn syn famylje. Yn syn wurkromte sit hy tusken wol hûndert klokken te wurkjen. De klokken tikje en slaan omraak, mar as der ek mar ien it ynienen net mear docht dan heart de klokkedokter dat fuortendaliks. Hy behannelet syn 'pasjinten' mei leafde, want hy wit hoefolle wearde syn klanten hechtsje oan harren klok.
(in werhelling fan 31 maaie 2012)

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)