Hea! fan 25 april 2016 18:20

It is noch mar april, mar by de famylje Elzinga is it al krystbeammetiid. Oft it no reint, hagelet of der is hurde wyn, de krystbeammen gean altyd foar yn dizze tiid fan it jier. Op in strookje grûn by de sneldyk by Garyp plantsje se midden yn de maitiid tûzenen krystbeammen foar de ferkeap. It is hurd wurkjen, mar it ‘yn de natuer wêzen’ is it moaiste dat der is.

It is in noflike striid tusken Dick, Bob, Hans en Henk Jan Rijpstra fan Koarnjum. Mei har fjouweren biljerte se al jierrenlang. En elke snein by de kofje by mem wurdt der noch wol efkes oer neipraten. Foaral de ferliezer krijt der dan noch efkes ekstra fan lâns.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)