Hea! fan 25 april 2014 17:40

De bouploech 'Spijkers met Koppen' hat it smoardrok mei it bouwen fan in grutte wein foar Keningsdei. Want dan sil de ploech meidwaan oan de grutte optocht troch Beetstersweach mei weinen yn ferskate kategoryen. Dizze ploech falt dit jier yn de kategory 'grote wagens'. 'Spijkers met Koppen' is in freoneploech út Beetstersweach fan sa'n 12 bern yn de leeftyd fan 13/14 jier. As tema ha se dit jier keazen foar it boek 'Koning van Katoren' fan Jan Terlouw.
En yn Wytmarsum tsjekt Hea! wat je allegear dwaan kinne mei in hegedrukspuit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)