Hea! fan 24 septimber 2012

  • Otto Verbeek

Piet en Peep Barends fan De Lemmer wenje oan it wetter. En dat is harren hûn Pim tige nei 't sin fansels. Pim mei graach ris in bal út it wetter helje, mar it yn en út it wetter kommen wie in probleem. No hat Pim in eigen trep krigen nei it wetter ta, en hawwe Piet en Peep it net drok mear mei it yn en út it wetter heljen fan Pim.

Undernimmers hawwe hjoed-de-dei wat minder fertrouwen yn 'e takomst, mar dat jildt net foar de bruorren Otte en Bindert Verbeek. Tegearre hawwe se in nije ridende winkel meitsje litten en sûnt in wike ride sy yn 'e omjouwing fan Damwâld. Op syk nei klanten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)