Hea! fan 24 oktober 2016 17:35

Elk mei graach ris fiskje... en seker de bern dy't mei de Snoekstudiegroep mei gean op snoekejacht by Earnewâld. Foaral jonges, mar ek ien famke goait de angel út om sa'n rôffisk te fangen. Mar it wol net altyd likegoed bite...
En Hindrik Heerschop is op it tsjerkhôf fan Wytmarsum drok dwaande mei de restauraasje fan in âlde tinkstien.

Tsjerkhôf Wytmarsum

Hindrik Heerschop hat in soad ferstân fan skûtsjesilen, mar ek fan it opknappen fan grêfmonuminten en tinkstiennen. In hobby dêr't er úteinlik syn wurk fan makke hat.

Snoekfiskje

Bern leafde bybringe foar it snoekfiskjen. Dat is it doel fan de jeugddei fan de Roofvisstudiegroep yn Earnewâld. In tritichtal bern giet yn boatsjes entûsjast it wetter op.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)