Hea! fan 24 oktober 2013 17:40

  • Renze Holwerda

Siese Sinnema wennet yn it sintrum fan Ljouwert op in bysûnder plak, de Skilkampen. As hy mei it foer rjochting syn bisten giet, dan wurdt hy altyd folge troch Mukkes en Makkes, twa Yndiaaske einepiken. Sinnema hat se al sûnt se út it aai kamen, en syn klompen sjogge se as 'mem'. Oeral wêr't de klompen hinne rinne, gean de einen ek.

Yn Eanjum wennet Renze Holwerda. Hy hat in grut hûs, mar ek in soad guod. It is no tiid om op te romjen! Holwerda jout ek rûnliedingen yn de tsjerke fan Eanjum. En dêr docht ek bliken dat hy moai sjonge kin!

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)