Hea! fan 24 novimber 2016 17:35

Meastentiids ha de froulju klean genôch, mar it is altyd wer leuk om der wat yn om te strunen. Twa kear yn it jier is it ekstra gesellich en drok yn it Grand Café "Ut en Thus" fan fersoargingshûs Foswert yn Ferwert. Dan komme de moadesaken del, stalle alle klean út en kinne de bewenners mar los.

It is de leafde foar âld keukenark, sa seit Imke Gerritsen fan De Gordyk. Dat der eartiids net folle jild wie, makke dat guon minsken harren eigen keukenark betochten en makken. Yntusken hat Imke in wiidweidige samling en dêr sitte hiele moaie stikken by. Allegear mei in eigen ferhaal.

Shoppe by Foswert yn Ferwert

Ek al lizze der noch genôch klean yn de kast, dochs is sneupe en strúne altyd wer leuk. In pear kear per jier komme de moadesaken del by fersoargingshûs Foswert yn Ferwert en kinne de bewenners mar keapje.

Samling keukenark

Imke Gerritsen sammelet al 30 jier allerhande histoarysk keuken-ark. Se is besmet mei it firus troch har mem. In grut part fan har kolleksje stiet yn in museum yn Roden, mar de moaiste dingen hat se thûs en alle stikken ha in eigen ferhaal

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)