Hea! fan 24 juny 2014 17:40

By bernedeiferbliuw De Tovervis yn Drachten komt alle seis wiken kapper Knippelien op besite. Kapster Douwina Lourens knipt it hier fan de bern op in boartlike wize en yn in fetroude omjouwing. De âlden dy't harren bern knipt hawwe wolle, jouwe oan hoe't se it hier hawwe wolle. Se kinne derby wêze as se dat graach wolle, mar it hoecht net. Foar de bern is it alle kearen wer in feestje mei in leuke keep, in gekke föhn, flechtsjes en útwaskbere kleurkes by de knipbeurt."

Ut it Hea!-argyf sjogge wy hjoed nei de Hea!-ôflevering fan 24 febrewaris 2014.
Meindert Talma fan Twizelerheide hat de buorkerij oernaam fan syn âlden, mar hy waard siker en siker. Nei in protte ûndersyk kaam Meindert derachter dat er allergysk is foar kij. Hy woe perfoast boer bliuwe en is no hinneboer. Syn 60.000 'famkes' kinne sels útmeitsje wêr 't se rinne wolle: binnendoar of bûtendoar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)