Hea! fan 24 july 2012

Op It Hearrenfean wennet Spiekhout. Syn achtertún is net grut, mar dochs passe der wol inkele hûnderten planten yn. Foaral beltsjeblommen stean dêr te pronk. Mar Spiekhout is op it stuit foaral grutsk op syn skyfkaktussen. Hûnderten blomknoppen sitte der yn syn trije kaktussen. Hy hat se al 30 jier, mar safolle knoppen hawwe der noch nea yn sitten.

Ut it Hea! argyf: yn Hurdegaryp stiet de griene BSO Kinderwoud. Amber en Inge fertelle wêrom it der sa leuk is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)