Hea! fan 24 febrewaris 2016 18:20

It is it ôfstudearprojekt fan Jildou van der Meer en Keshia Boomsma fan it Cios op It Hearrenfean. Se woene graach reedrydles jaan oan bern fan it spesjaal ûnderwiis. Mar dat der sa'n flecht op 'e koai kaam hiene se net ferwachte. Sa'n 50 learlingen fan It Twalûk yn Ljouwert, Sinne yn Snits en de Wingerd fan Dâmwald krije fjouwer kear reedrydles yn de Elfstedenhal yn Ljouwert. Foar in tal learlingen is it de earste kear dat se op redens stean.

En in oantal leden fan de Friese Modelbaan Club kinst net gelokkiger meitsje as mei dizze put yn Snits. Want dêr, yn it Modelspoor Museum, binne se drok dwaande mei it bouwen fan in modelbaan fan 17 meter lang en in pear meter breed. Mei-inoar moat der sa'n 150 meter spoar boud wurde mei brêgen, boppeliedings en stjitblokken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)