Hea! fan 24 april 2014 17:40

Age en Jellie Hoekstra binne de nije havenmasters fan Langwar en dêrmei de opfolgers fan markante foargongers as Menno Sappe en sjongeres Mink. It echtpear Hoekstra kin net sjonge lykas Mink en hat ek gjin bakfyts lykas Menno mar se ha wol o sa'n sin oan har earste simmer op de jachthaven fan Langwar.

En Binne van Brugge fan Rottefalle hat sa'n gigantysk grutte samling âld ark dat hy mar besletten hat der in museum fan te meitsjen yn syn skoarre achter hûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)