Hea! fan 23 septimber 2015 18:20

De bern fan basisskoalle De Schakel yn Dokkum ha in echte doch-dei. Juf Alea Hakvoort dûkt mei de bern fan groep 1 en 2 op ‘e kop yn de toarnbei-leskiste. Toarnbeien plukke en dan lekkere dingen meitsje, wa wol dat no net op skoalle?

Hendrik Witteveen is 94 jier en wennet oan de râne fan Boalsert, mar hy is noch eltse dei te finen yn syn túnhúske op Spreeuwenstein. By syn skiep, hinnen en dowen dy't hy tegearre mei syn buorman fan eartiids Kees Bekema fersoarget. De mannen kenne elkoar al 77 jier!

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)