Hea! fan 23 septimber 2013

Anja Schönfeld fan Drylts fokt kninen. En omdat kninen ek wolris wat oars wolle as allinnich mar yn in hokje sitte probearret Anja se in keunstje te learen. En mei sukses.

Hiekus Hiemstra fan Twizelerheide sit syn libben lang al yn de dowen. Sûnt freed stiet syn libben op 'e kop. Hy fûn doe moarns hast al syn dowen dea yn it hok. Deabiten troch in marter. En no moat Hiemstra fierder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)