Hea! fan 23 oktober 2013 17:40

De 14-jierrige Yoram en Rutger gienen juster op de step oer de Ofslútdyk. Earst mei de auto nei Den Oever en doe mei de wyn yn 'e rêch werom rjochting Harns. En dat alles foar in goed doel. De beide jonges binne ekstra motivearre omdat se sels ek in sykte hawwe.

"Giet it oer de Albert Heyn" freget in man dêr't ferslachjouwer Janko Krist Goeie! tsjin seit. Nee dus...

Yn Warkum is slachter Sjerp Blom op 'e nij yn de prizen fallen. Al jierren winne Blom en syn broer de heechtste slachtersprizen mei harren woarst. Droege woarst, Gelderske woarst... alle soarten woarst fan de bruorren Blom winne eltse kear wer in priis. Yn de winkel binne de prizen te sjen, en yn de etalaazje hinget deselde banier dy't 17 jier lyn ek al yn de etalaazje hong. It geheim wol Blom net kwyt fansels, allinnich dat it ferskil miskien makke wurdt troch it sels slachtsjen fan de kij en de bargen.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)