Hea! fan 23 novimber 2011

Norma Miedema fangt op har pleatske yn Ferwert bisten op dy't gjin oar plak mear hawwe of in gebrek hawwe. Der komme der hieltyd mear by en Norma hat it dreech om 'e holle boppe wetter te hâlden. Sjonger Anneke Douma fynt dat Norma wol wat stipe brûke kin en hat dêrom in benefyt-konsert foar har organisearre. Dat wurdt kommende snein 27 novimber hâlden (sjoch foar mear ynformaasje op http://helpnormadewinterdoor.webklik.nl).

En yn Drachtster Kompenije komt it Hea!-team in skoalklasse tsjin. Sy komme krekt fan it gymnastiken. Neffens master Snoek rint hy mei 'de takomst fan it doarp' oer de dyk.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)