Hea! fan 23 maart 2015 18:20

Gek wêze op gers, de natuer en masines. Dat moatte de kwaliteiten wêze fan in goede greenkeeper. En Gert Jan Hilarius is sa’n greenkeeper. Alles witte wolle fan de greens by in golfbaan en hoe hâldt je dat yn optimale kondysje. En dat is allegear net sa foar de hân lizzend.

Yn Gytsjerk krije de bern fan groep 4, 5 en 6 fan de CBS de Ichtusskoalle en OBS Thrimwalda ferkearsles op in hiel grut ferkearsplein. Dat is opboud troch de minsken fan Veilig Verkeer Nederland. It is allegear krekt echt. Yn skelterauto’s, op fytsen en ek rinnend moatte se de lessen yn praktyk bringe. En ek de deade hoeke by de frachtwein wurdt goed útlein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)