Hea! fan 23 maart 2013

  • Harlem Shake yn Warten

Fiif jonges fan basisskoalle de Finne yn Warten hienen in moai plan: mei de hiele skoalle de Harlem Shake dwaan. It mocht fan de direkteur en dus gienen de jonges oan de slach. Se makken in spesjale presintaasje om it oan de oare bern út te lizzen en der moest oefene wurde fansels. En dus sprongen ôfrûne wike de frjemdst klaaide bern oer it skoalplein.

Achter hotel de Klinze yn Aldtsjerk hat stichting Toutenburg in âlde einekoai. De koai is net mear yn gebrûk mar moat wol ûnderhâlden wurde. En dus wie in groepke frijwilligers yn de kjeld oan de slach mei it ûnderhâld en it pleatsen fan nije einekuorren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)