Hea! fan 23 maaie 2016 18:20

Johannes de Wit fan Ysbrechtum is 64 jier en hat twa bysûndere passys: gewichtheffe en Frysk ierdewurk sammelje. Sels is hy Nederlânsk kampioen gewichtheffe en powerlift kampioen west. No noch traint hy jonges op de krachtsportbuorkerij fan Wout Zijlstra. Mar Johannes is ek hielendal gek fan Frysk ierdewurk. Hy hat âld en bysûnder spul en wit der ek in soad fan.

De eardere kemping Ikenhiem fan Steatsboskbehear yn Wynjewâld is wer iepen. Yn ’t ramt fan deibesteging wurkje der no minsken mei in ferstanlike beheining en psychyske problemen. It wurk is gjin dei itselde en dat makket it sa moai. En de froulju sette hast noch mear út ’e wei as de manlju!

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)