Hea! fan 23 maaie 2012

It is in hiele bisteboel op bernebuorkerij It bûthús yn Snits. De wurkers hawwe it der mar drok mei. Sûnt koart hawwe se wer in kealtsje op 'e bernebuorkerij. Dy hawwe se kocht fan it jild dat se krigen hawwe fan skoalle 'de Vuurvlinder'yn Snits.De namme fan it bist is noch ûnwis.

En yn Goeie! binne wy yn Rie. Der is in man oan it wurk yn 'e foartún. It docht bliken dat hy moarns altyd betiid út bêd is. Sa betiid dat hy syn soan wolris tsjinkomt dy't noch óp bêd moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)