Hea! fan 23 juny 2014 17:40

Rita Bloo fan Wommels is sminkster en keunstner. Se skilderet prachtige portretten en lânskippen. By de filmopnamen fan Stuk kaam se Jolanthe Sneijder Cabau tsjin en dy wie fuortendaliks sa ûnder de yndruk fan it wurk fan Rita, dat se har frege hat om in jierdeiskado foar har man Wesley te meitsjen. En sa hat Rita in heal jier yn it geheim dwaande west mei in bysûnder portret fan Jolanthe en Wesley.

Ut it Hea!-argyf sjogge wy hjoed nei de Hea!-ôflevering fan 14 maart 2014. Ynte Kuindersma is like âld as de soleks sels. Sûnt de oprjochting fan soleksklup AOW (Altijd Onder Weg) fan De Jouwer is er de foarsitter dêr. Hy hat boppe de garaazje in souder makke mei tsien soleksen en in samling miniatuermerken en -sirkussen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)