Hea! fan 23 febrewaris 2013

  • Bern yn it besikerssintrum Mar en Klif

Yn it besikerssintrum fan Mar en Klif yn Aldemardum wie it dizze wike in drokte fan belang. Ek dêr koenen de bern mei harren pakes en beppes nei ta. Ditkear wie der in berch fan elektryske apparaten dy't de bern útinoar helje koenen om der dan wer wat nijs fan te meitsjen.

Yn Goeie! in man dy't yn 'e pauze efkes oan de kuier giet.

Klimmen op in klimmuorre is in échte sport, mar is it ek geskikt foar minsken dy't net of min sjen kinne? Op dy fraach moest in antwurd komme yn it klimsintrum op It Hearrenfean. Want hawwe bline minsken no ék hichtefrees?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)