Hea! fan 23 febrewaris 2012

Manlju tusken de letterlapen
Yn de âldheidkeamer Dantumadiel op De Westereen hawwe se fjouwer kear yn it jier in tentoanstelling. Besikers krije der útlis by fan twa frijwilligers dy't graach wat oer it tema fertelle. Op it stuit is der in eksposysje oer hantwurkjen. Je soenen tinke dat it typysk in ûnderwerp foar froulju is, mar Molle van der Werf en Geert van der Bei reitsje der net fan yn panyk en fertelle gewoan wat se witte.
 
Jan en Trianka 100 jier
Jan Oostenbrug is 65 jier en syn hynder Trianka is 35 jier. Tegearre dus 100 jier. Trianka is wierskynlik de âldste draver fan Nederlân en mei fan har âlde dei genietsje. It hynder hat mear te lijen fan de âlderdom as Jan. Se is har tosken kwyt en krijt no slobber út de amer.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)