Hea! fan 23 april 2014 17:40

Ronnie Jonker fan Bollingawier is timmerman. Mar it leafst soe hy syn jild fertsjinje mei syn grutte passy it preparearen en opsetten fan bisten. Op it yndustryterrein fan Dokkum hat hy in loads mei dêryn in tal friezers stean fol mei bisten, werûnder in pyton. Yn de binnenstêd fan Dokkum hat Ronnie no foar in pear moanne in atelier by Vakwerk. Dêr kin elkenien him oan it wurk sjen. De dream fan Ronnie Jonker is om úteinlik ta de bêsten fan de wrâld te hearren.
En we sizze Goeie yn Wytmarsum tsjin in hûn en syn baas.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)