Hea! fan 22 novimber 2016 17:35

It is net in hobby, it is in passy. Dat sizze de frijwilligers fan houtseachmûne De Jager fan Wâldsein. Alle sneonen binne se der om te mûne te draaien, ûnderhâld te dwaan, beammen te seagjen en fan de planken wer de moaiste meubels te timmerjen. De jongste is 17, de âldste oer de tachtich. Mar De Jager ferbynt se.

De Jager Wâldsein

Mei in soad leafde foar it fak draaie sân frijwilligers alle sneonen mûne De Jager fan Wâldsein. It moaiste wurk dat der is, fine se. Foar de ien in tiidferdriuw, foar de oar in takomstich berop.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)