Hea! fan 22 novimber 2012

  • Stephan Fok

Stephan Fok hat al sûnt syn bernetiid in dream. hy woe letter net wenje yn in rychjeshûs mar op in boat. Fyftjin jier hat hy socht nei syn dream en dizze boat úteinlik fûn yn Amearika. Gjin probleem, Stephan hat syn takomstich thús gewoan nei Harns syld. Mar ûnderweis kaam hy ta ûntdekking dat der noch wol wat mankearde oan syn boat. En no wurket er alwer jierren oan syn dream. wenje op in boat mei rútsjes achteryn.

Sjoeke Steenkamp wurket al jierren by de Voedselbank yn Ljouwert. Sy wurdt tige wurdearre troch har kollega's, want Sjoeke wit alles. Mar foarige wike pakte Sjoeke foar it lêst de itenspaketten yn, want se sil hiel wat oars dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)