Hea! fan 22 jannewaris 2016 18:20

Arjen Rodenburg út Reduzum hat in Ratcar. Dat is in auto dy’t der sa sjofel mooglik útsjocht mar wol fol mei “troep” sit. Arjen fynt sels dat hy syn auto ferperoanlike hat. Syn auto sit fol mei rust en sloopûnderdielen en hy hat sels in kninehok op it dak. Ek wit hy it bêste resept om de auto rustich te krijen!

De minsken fan Empatec yn Frjentsjer binne drok dwaande om 1500 blikken mei bysûndere wikkels klear te meitsjen. Dêrnei wurdt der Winters Grutsk op it deksel plakt. En dit alles foar de iepen dei fan Empatec en Pastiel op sneon 23 jannewaris.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)