Hea! fan 22 jannewaris 2015 18:20

Berdien Bies is in jonge frou fan It Hearrenfean. Se is lichaamlik swier beheind, mar lit it dêr net by sitte. Se wol folop meidwaan yn it gewoane libben, en ek wurkje! Alle wiken giet se nei basisskoalle De Oarsprong op It Hearrenfean om dêr de juffen te assistearjen. Dat wurdt dêr tige wurdearre, troch it personiel en seker ek troch de bern. Juf Berdien is populêr!

En we sizze Goeie yn Drachten...

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)