Hea! fan 22 desimber 2012

  • Ruurd Douma

It houten sjaletsje fan Ruurd Douma achter syn hûs yn Minnertsgea stiet groatfol mei kryststikjes. Alwer in aardich skoftke is Douma drok dwaande mei it meitsjen fan de tsientallen blomstikken. Hy makket se foar minsken dy't neffens him wol wat fertsjinje. It meitsjen docht hy hiel graach, mar it rûnbringen is ek moai wurk. Somtiden wurdt it stikje fan Ruurd gewoan by de doar set, mar der is ek wol gelegenheid foar in praatsje. De minsken dy't in stikje fan Ruurd krije binne der tige bliid mei. Se dogge ek wolris wat werom.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)