Hea! fan 22 augustus 2013

Jou Jan Stoelwinder in stik hout en mei syn kettingseage makke hy der in moai keunstwurk fan. Hy is der noch mar in jier mei dwaande, mar dochs makket hy fan beamstammen al de moaiste bylden. En safolle en sa grut dat hy yntusken mei syn bylden te sjen is yn syn eigen kettingseage-doarp Banzai John by de Boerepleats yn Ychtenbrêge.
(sjoch www.deboerepleats.nl )

En út it Hea!-simmerargyf fan 4 febrewaris:
Douwe Kieviet fan Nij Beets hat jong libben yn 'e stâl. Hiel ûngewoan foar de tiid fan it jier is de berte fan in geite-fjouwerling. Kieviet hat minder bisten yn 'e stâl as oars. Hy is oan it ôfbouwen want hy is slim siik. Al 42 jier hat hy kanker en hy hâldt der rekken mei dat it ynkoarten foar him dien is. Kieviet hat it der dreech mei, want hy hie noch wol 10 jier fierder wold. De bulten âld izer op it hiem kinne dan ek net fuort, want dan liket alles dien en Kieviet wol noch meimeitsje dat syn geitsjes bûten omspringe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)