Hea! fan 22 april 2016 18:20

Stoyan de Jong en Sytze Pool binne beide 13 jier mar sitte no al yn de aaihannel. Se hiene by de camping fan Stoyan yn Aldegea (Sm) in grut hinnehok en dat ha se útwreide. No ha se 38 hinnen dy’t se sels hielendal fersoargje, en de aaien sutelje se út!

Martin Sijbesma is keunstskilder yn Kûbaard. Hy libbet mei syn frou Ytsje yn de âlde grifformearde tsjerke. Dizze tsjerke ha se yn de styl fan 1890 brocht. Se libje dus eins yn in museum. Boppe yn de tsjerke hat Martin syn atelier, ek alhiel yn de tiid fan 1890.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)