Hea! fan 21 oktober 2013

Ein oktober hawwe se it yn 'e jachthavens tige drok mei it út it wetter heljen fan de boaten. It seizoen is oan in ein kaam en dus is der wurk oan 'e winkel. Ek yn de jachhaven fan Warten hawwe se it smoardrok. Sa'n 300 boaten moatte der út it wetter helle wurde en skjinmakke wurde.

It is noch mar kwalik hjerst mar by de griensintra hawwe se it al drok mei de kryst. Ek yn Groenrijk yn Ljouwert binne de krystfersieringen al útpakt. Stazjêres fan it Nordwin College helpe mei om de krystôfdieling op oarder te krijen. Se hawwe it dêr wol wiken drok mei en komme sels al wat yn 'e kryststimming.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)