Hea! fan 21 novimber 2011

Op bernedeiferbliuw de Tovertuin yn Ljouwert wurdt foarlêzen út it boek 'Sinterklaas heeft luizen'. En fansels moatte de pjutten dêrnei ék hierwaskje en kjimme....

En Lieuwe van der Ploeg fan Ternaard hat in eigen tsjerke yn 'e tún. Doe't de menistetsjerke út Ternaard ferdwûn hie Van der Ploeg eins graach it tsjerkje keapje wold. Mar dat siet der net yn, en dêrom hat hy allinnich de ynhâld kocht, kompleet mei oargel en preekstoel. Dat is wer opboud yn in gebou yn 'e tún. En no kin Van der Ploeg yn syn eigen achtertún op it tsjerkoargel spylje...

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)